Ik ha in holle mei ferhalen

Fan dizze ferhalen meitsje ik muzyk

Wa bin ik

Wa bin ik

In bin J.A.N.! In jongen mei in hiele grutte passy foar muzyk.

Ik sjong en spylje al fan jongs ôf oan toetsen en ha mysels (bas)gitaar & drums oanleart. En sjoch ik in oar ynstrumint, dan wol ik altyd besykje dêr muzyk út te krijen.

Yn it begjin fan myn muzikale libbenspaad wie it foarnamelik it hjearen en probjearje nei te spieljen fan de ferskes dy’t foarby kaamen. Mar fanôf in jier as tolve begûn ik mei it meitsjen fan eigen wurk. Dit wiene faaks ynstrumentale stikjes. Doe’t ik wat fjirder wie begûn ik ek mei eigen teksten. Dit wie earst yn it Ingelsk, letter yn it Hollânsk, mar no yn it Frysk.

It Frysk is in moaie taal om yn te skriuwen. It stiet ticht by my dus kin ik goed myn gefoel dêr yn kwyt. Dit kinst werom hjeare yn de ferskes dy’t ik skriuw.

Wat ik doch

Ik doch mei oan in soad ferskatte muzyk- en teaterprojekten. En yn beide soart projekten leit de fokus faaks op de muzyk.

Yn de muzyk-projekten giet it faaks om it spyljen yn bands as fêst lid of ynfaller. Mar ik doch ek oan it ynspyljen fan ferskes yn ‘e studio of oan it optreden as (sessy)muzykant by oare Fryske artysten.

Mar ik bin ek aktief yn teaterprojekten. Dit binne sawol berne- as folwoeksene teaterstikken. Ik doch hjir mei as (poppe)spyler, muzikant of ferskeskriuwer.

Wêr kinst my fine

Troch de wike bin ik oan it wurk as software developer (ik bin net in fulltime muzikant). Mar jûns of yn de wykeinen bin ik faaks te fynen yn myn lytse studio of op de bühne, mocht dêr in optreden wêze.

Yn it ljocht

Ôfrûnde freed (16-11) spyle ik tydens de Winterfair yn de toer fan Warkum.
In hiel bysûndere lokaasje om te spyljen.

Hoe sykest kontakt?

Kinst it ûndersteande formulier ynfolje.

Address :